Omloop van de Kompenije

Wielercomite Drachtstercompagnie

Memorandum

In augustus 2013 overleed ons trouwe commissielid Gooitzen de Meer. Een van de vaste taken van Gooitzen was de opbouw van de start/finish. Dit zowel bij de A7 classic als bij onze eigen wielerronde. Nu we weer bezig zijn met beide rondes voelen we het gemis. Wat had hij er graag bij willen zijn............. Daarom dit memorandum op onze website.

Onderstaande speach werd bij de crematie voorgelezen door Pieter Straatsma. De foto’s dateren van de laatste jaren.

Pieter Postma

29 april 2014

 ......................................................................................................................................

Ta oantinken fan ús fytsmaet

Gooitzen de Meer

Nea wer op de fyts,

Nea wer mei Gooitzen op de motor,

Nea wer mopperje op .....

 

De skrik wie grut doet Sjoukje my tongersdeitemiddei op de molkfabryk skille my it berjocht dat myn fytsmaet Gooitzen der net mear wie. Dat koe dochs net wier weze......... Foarige wike praten we nog oer syn falpartij op snein; hy wie nei syn sizzen kompleet skyld. Gooitzen, hy wie noch mar 61 jier.

 

Gooitzen learde ik kennen by de foutbalferiening Troch Freonskip Sterk. Beide fuotballen we yn itselde alvetal. Syn soannen fuotballen yn it 1ste alvetal en doe wie Gooitzen ien van de trouste supporters. Yn die tiid merkte ik al dat Gooitzen moppere op alle dingen dy’t net goed wiene. Ik haw ek in tiid lang mei him yn it bestjoer sitten. De lêste kear dat ik Gooitzen op it fuotbalfjild seach wie er oan it fuotbaljen mei syn pakesizzer. Wat wie er wiis mei syn pakesizzers.

 

Yn maart 2004 hawwe we tegearre it wielercomité oprjochte. De bedoeling wie dat de fuotbalferiening der better fan waerd. Dit jier hawwe we foar de 10de kear in wedstriid organiseare. Gooitzen wie yn al die jierren de opbouer fan it parcours. My syn soannen en Doede sette er alle dranghekken rûn it parcours. Ien kear gong it mis: se begongen oan de ferkearde kant en doe hienen se by de start/finisch te min hekken. Dit jier wie Gooitzen wat te let mei it reserfearjen fan de hekken. De woansdei foar ús wedstriid hat er doe regele dat de hekken fan de Gedyk yn de Kompenije kamen. Hy moppere op de ferhierder mar wie yn feite selts te let. Ek it ophingjen fan it start/finischdoek wie syn taak. It doek moast de jûns foar de wedstrijd by him thús brocht wurde. Gooitzen wie ek de man fan de motor. Doet wy tongderstejûn as wielercomité by elkoar sieten wie Esther har reaksje: nea wer mei Gooitzen in rûntsje achterop de motor. Piet tocht nog oan de wurden dy’t se hiene oer it net kontrolearjen fan de boarden op de dyk. It wie neffens Gooitzen gjin waer foar op de motor.

 De lêste kear dat ik mei Gooitzen te fytsen wie, wie op snein 30 juni. Myn soan Fokke moast fytse yn Peize en toegearre gongen we op de mountenbike nei Peize. De hinnereis koe ik him nog wol aerdich folgje mar op de weromreis koe ik syn eftertsjil net mear hâlde. Thús kaem hie ik in oere nedich om wer by te kommen. Neffens Gooitzen hie ik tefolle klean oan.

Op woeansdei 28 augustus makke Gooitzen syn lêste fytstocht mei soan Jan. Op wei nei syn hûs stoar er yn syn wielerpakje........ Hy hie noch sokke moaie plannen.

Op dit moment sit ik mei Sjoukje yn Griekenlân en tinke wy oan jimme allegearre. De triennen rolje ek no by my oer de wangen. Speciaal foar jim haw ik frege in ferske fan Demis Roussos te draaien. Ut namme fan it wielercomité winskje ik Klaasje, Bart, Alie, Jan, Harry en de pakesiszzers in protte sterkte ta yn dizze o sa swiere tiid.  Ek wy sille Gooitzen misse!

 

 

Pieter Postma                                                                30 augustus 2013

 

2012

2011

2012

 

 

 

Recent Photos

Omloop van de Kompenije 2015